wachten...

Succes

→ Winkelwagen bijgewerkt

Info

→ Winkelwagen bijgewerkt

Succes

E-mail verzonden!

Fout

E-mail niet verzonden!

Fout

Artikel niet meer op voorraad!

Fout

Succes

Succes

Fout

Pompeblêden frisiana topper fan Piter 1-4-14.JPG

Jo hearre bij Romke, yn de "Pompebleden", in protte ferskes dy't selden op oare stjoerders spile wurde. Faken wurdt op lokale stjoerders troch de programmamakkers Hollânsk praat. Der docht dizze presintator dus net oan mei. Lokaal is lokaal en yn de Súdwesthoek wurd foaral Frysk praat. Neist de Frysktalige, komme der ek gauris wat Grunneger en Drintske ferskes foarby. Derneist komt der geregeld wei in regionaal gedicht of nijtsje foarbij en wurdt de aginda neigien mei manifestaasjes wêryn muzyk brocht wurdt dy't ek yn dit programma past.

Regionaal talint kriget kânsen as hja mei harren muzyk nei de studio komme of middels in mailtsje oanbiede. It programma is altyd wer oars en wurdt pas gearstald op it momint fan útstjoering. Romke hat syn muzykfoarrie ferdield yn 52 wiken en brûkt der eltse wike ien fan. Dertroch hearre jo eltse wike oare ferskes en net de meast bekende. Wol binne ynfloeden fan it waar, in feest of tryste foarfallen yn syn wengebiet merkber. Desimber is de Krystmoanne en dat fine jo werom yn de dan draaide krystmuzyk. De muzyk bij Romke hat foar “elts wat wils" en grif foar jo ek.

Hawwe jo it programma fersitten dan is dat gjin probleem want it is noch 14 dagen dernei te belústerjen fan syn website: (www.frisiana.frl).